Gödöllö en lêste dei - Reisverslag uit Kisléta, Hongarije van Familie Meer - WaarBenJij.nu Gödöllö en lêste dei - Reisverslag uit Kisléta, Hongarije van Familie Meer - WaarBenJij.nu

Gödöllö en lêste dei

Door: Renske

Blijf op de hoogte en volg Familie

19 Juli 2013 | Hongarije, Kisléta

Tongersdei hienen we mar ien adres mar wol ien dat fier fuort wie: Gödöllö, 2,5 oeren riden. Keimpe die dit fansels altyd op de hinnereis mar dat kinne wy net.
Ien fan de meiwurkes prate hiel goed Ingelsk, dat is foar de feroaring ek wol wer ris aardich. We krigen in rûnlieding yn it tehûs foar (allinnichsteande) memmen sûnder dak boppe de holle. We hawwe begrepen dat der yn Hongarije sa’n 400 fan ditsoart tehuzen binne. Wy fûnen dit al in hiele protte mar it is noch lang net genôch neffens dizze meiwurker. In protte minsken hawwe jild liend yn Switserse franken en no’t de wisselkoers beroerd is binne der in protte dy’t harren huzen kwytreitsje. Hjir krije se dan oardeljier de tiid om wer wat op te bouwen. Se betelje in bytsje hier en se wurde ferplichte om eltse moanne te sparjen. Fierder wurde se holpen om in baan te sykjen. Neist it tehûs is in tehûs foar âlderen, dêr’t ek bewenners helpe. Sa snijt it mes oan twa kanten.
Nei de rûnlieding hawwe we de doazen útpakt en binne we nei de Tesco riden om dêr wat te iten en te winkeljen. Om fiif oere hinne wienen we wer thús.
En dan de lêste ( en tagelyk ek de dreechste dei). Moarns betiid earst fan alles regele omdat we moandei op begraffenis moatte. De man fan de eardere direktrise is stoarn en we wolle graach te kondolearjen. We kinne mei de oaren meiride yn de bussen fan it tehûs, de famkes bliuwe allinnich thús en Feije mei by de susters yn paviljoen A bliuwe.
Dêrnei laden foar Nyirbéltek ( in tehûs foar âlderen) en twa opfangadressen foar jongere bern yn Nyirbátor. Yn Nyirbéltek wurdt der gau in tolk optrommele, dy’t we eins net nedich hawwe, mar soms is it wol handich. Se fine it hjir prachtich dat we de bern meihawwe. Der stiet ek al wer fan alles klear, twa blêden mei bôle, koekjes, drinken. Se binne hjir o sa bliid mei de klean. Neist âlderen binne hjir ek in protte wat jongere psychiatryske pasjinten.
Yn Nyirbátor gau de doazen útladen en nei wat drinken wer op nei Kisléta. Gau ite en doe laden foar it Reade Krús. Hjir hienen we in hiele protte doazen foar, de karre siet goed fol. Thús noch gau wat wask ophongen en wat oare dingen dien en doe nei Nyiregyháza om it spul te bringen. Ek hjir stie fan alles klear, lokkich ieten se ditkear sels ek mei. De froulju dý’t hjir wurken hawwe fan alles ferteld oer harren wurk. Se dogge fan alles: kursussen EHBO, opliedingen foar minsken yn sosjale tehuzen, bloedbank, klean útdiele, opfangtehuzen liede. Ik hoopje trouwens net dat we hjir ea bloed nedich hawwe want de kontrôle liket my wat minder ta. Se reizgje hjir nei de minsken ta om bloed te sammeljen. Se steane bygelyks by doarpsfeesten om te freegjen ofsto donearje wolst. Der wurdt in sneltest dien en dan letter wurdt der better kontrolearre. Dat hoopje ik dan mar.
De froulju hawwe holpen mei útladen en se hawwe foto’s tasein fan it útdielen fan de klean. Ien kear yn de fjirtjin dagen binne se earne en dan kinne minsken dêr klean krije. Doe’t we klear wienen, noch wat praten en doe de karre werombrocht. Dêrnei noch te boadskipjen want it wykein is dêr gjin tiid foar. Let thús dus. Ik fyn it trouwens geweldich dat de bern it sa goed dien hawwe. Sa no en dan moasten we wolris even fûterje mar it falt ek net ta om sa lang yn auto te sitten en alle petearen oan te hearren.

Reageer op dit reisverslag

Je kunt nu ook Smileys gebruiken. Via de toolbar, toetsenbord of door eerst : te typen en dan een woord bijvoorbeeld :smiley

Verslag uit: Hongarije, Kisléta

Mijn eerste reis

Recente Reisverslagen:

24 Augustus 2017

Útstapkes

21 Augustus 2017

Alle doazen binne fuort.

15 Augustus 2017

Rûnbringen 2017

31 Augustus 2016

In 'ongenode gast'

21 Augustus 2016

Even byprate
Familie

In december reizen wij met het hele gezin naar Hongarije. De bedoeling is dat wij hier 8 maanden vrijwilligerswerk in een kindertehuis gaan doen.

Actief sinds 29 Sept. 2009
Verslag gelezen: 269
Totaal aantal bezoekers 212047

Voorgaande reizen:

28 December 2009 - 22 Augustus 2010

Mijn eerste reis

Landen bezocht: