Feije syn ideeën - Reisverslag uit Kisléta, Hongarije van Familie Meer - WaarBenJij.nu Feije syn ideeën - Reisverslag uit Kisléta, Hongarije van Familie Meer - WaarBenJij.nu

Feije syn ideeën

Door: webmaster

Blijf op de hoogte en volg Familie

17 Juli 2010 | Hongarije, Kisléta

Foarige wike hienen we it even oer Feije syn freondintsjes hjir. Feije fûn Léda it allerleafst. Ik frege doe: 'Silst dan letter ek mei har trouwe?'
'Nee, net letter mar tiisdei! Oe, ik haw net in jurk.' Mar gau útlein dat mannen yn in kreas pak geane en de froulju yn in jurk. Hy fuort nei de kast om syn kreaste klean alfêst klear te lizzen. 'Kin ik dan in jurk fan Tjitske mei foar Léda?'
Sptigernôch is de brulloft yn it wetter fallen omdat Léda siik wie. Lêst fan kâldwetterfrees, tink ik.
In pear dagen letter hie er mei pake en beppe belle. Hy mist pake en beppe wol hiel bot. 'Komme se net by my?'
'Nee, Feije want beppe doart net sa goed yn de fleanmasine en it is wol in hiel ein riden.'
Dit wie Feije syn reaksje: 'O, ik haw in goede idee! Wy sykje in oare man om op beppe te passen en dan kin pake hjir hinne ride.'
Ja, Feije liket op syn heit. As der problemen binne, hat hy wol in "goede idee".
Freed hat er ôfskied nommen op skoalle. Offisjeel giet de skoalle yn augustus ticht mar omdat we besite krije, bliuwt er nije wike al thús. De juffen hienen suver al triennen yn de eagen. Se moasten allegearre noch in krûp en in tút fan him hawwe. Mar de dikste krûp wie foar syn grutte freon, Laci. Hy wurket as konsjerzje op skoalle en Feije is hielendal gek op dizze jonge. We hawwe tasein dat we takom jier wer op besite komme. We dogge de minsken hjir wol wat oan. Bringe we sa'n aap, dêr't se hielendal mâl mei binne, en dan nimme we him wer mei.
Hjoed hat Feije Jelle de deaskrik besoarge. De ruten stienen boppe iepen sadat alles lekker trochwaaie kin. Nei in pear dagen 33 graden en gjin wyn is dat wol hiel lekker. Doe't Jelle boppekaam, siet de lytse man mei de knibbels op de radiator en hong in hiel ein ta it rút út. Hy hat earst in flinke klap foar de kont krigen. Dêrnei hat Jelle mei in aai demonstrearre wat der bart as je nei ûnderen kukelje. Ik leau wol dat er ûnder de yndruk wie. Doe't we seinen dat wy dan wol hiel bot gûle moatte, stie er sels ek al mei in triljend lipke.
Fannewike yn de tún oan it wurk west. Der is hast gjin begjinnen oan. Mar it foarste stikje is klear. It ûnkrûd derút en nije planten deryn.
En drok oan it opromjen en himmeljen west foar de besite dy't yn oantocht is. As it goed is, komme Eelke en Margaret der no oan mei de bern. Woansdei komme Jacco en Elly mei de berntsjes. Jelle hat twa wiken frij en ik gean sa no en dan oan it wurk.

  • 17 Juli 2010 - 17:21

    Tryn:

    Hoi allegeare,
    Feye als jij uit het raam valt moeten wij ook heel erg huilen hoor, dus doe dat maar niet. En wanneer hebben we nu een bruiloft ? Of gaat dat volgend jaar gebeuren als jullie er op vakantie zijn. Kun je uit nederland een mooi pak en een jurk meenemen Feye.
    De afgelopen dagen is de temperatuur hier ook gezakt en staan ramen en deuren ook open om even lekker door te waaien. Voor de rest is het echt zomer en zijn de vakanties volop begonnen. Ik ben druk bezig met de voorbereidingen voor de ZA reis want die komt nu ook met rassen schreden dichterbij, groetjes en oant sjen.

  • 18 Juli 2010 - 16:48

    Hennie Annema:

    he famylje, it wurdt noch efkes drok mar ek hiel gesellich sa mei al dy besite.
    Feie is de man of the match begryp ik . Sil der aanst thus wol wer wenne moatte bin ik bang.
    De dogeniet lit jimme lekker skrikke mar it is goed ôfrûn
    We binne oan it ôftellen. ik hoop dat jimme noch wol op en top genietsje.
    Oant djen, Hennie

  • 07 Augustus 2010 - 22:33

    Syds:

    Hoi famylje,

    efkes in berichtsje fan my.
    Hiene jimme ek in deja-vu-gefoel mei it "op 'e radiator steande foar it iepen rút-moment"? Neffens my hat er dat hjir yn Fryslân ek al ris dien.
    Oant oer in pear wiken!

    Gr. Syds.

    P.S.: Ik tink dat it my ek wer moai wat jild kostje sil; de measten fan jim hawwe noch wat kadootsjes fan my tegoede;-)

  • 19 Maart 2014 - 12:00

    Feije Feenstra ($ MC Paul McSwag):

    Hir kömt nuch ffkes ene burieteke von my. Ek mut lullie klar machen dot ek nii ken begraipu wot lullie nu seggn! Kont lullie dot üiteggn? Wont wir sittn hier un arbeitstuch tu maakn, en kwamn hier uut, maar wir könnn nii bedanken wot lullie nu allen seggn!

    - Later, kusjes iState en Feije (autist)

Reageer op dit reisverslag

Je kunt nu ook Smileys gebruiken. Via de toolbar, toetsenbord of door eerst : te typen en dan een woord bijvoorbeeld :smiley

Verslag uit: Hongarije, Kisléta

Mijn eerste reis

Recente Reisverslagen:

24 Augustus 2017

Útstapkes

21 Augustus 2017

Alle doazen binne fuort.

15 Augustus 2017

Rûnbringen 2017

31 Augustus 2016

In 'ongenode gast'

21 Augustus 2016

Even byprate
Familie

In december reizen wij met het hele gezin naar Hongarije. De bedoeling is dat wij hier 8 maanden vrijwilligerswerk in een kindertehuis gaan doen.

Actief sinds 29 Sept. 2009
Verslag gelezen: 459
Totaal aantal bezoekers 212012

Voorgaande reizen:

28 December 2009 - 22 Augustus 2010

Mijn eerste reis

Landen bezocht: