Hármincnyolc - Reisverslag uit Kisléta, Hongarije van Familie Meer - WaarBenJij.nu Hármincnyolc - Reisverslag uit Kisléta, Hongarije van Familie Meer - WaarBenJij.nu

Hármincnyolc

Door: webmaster

Blijf op de hoogte en volg Familie

01 Augustus 2011 | Hongarije, Kisléta

We wienen in bytsje te foarbarich mei it nijs dat it waar wol goed wie. It hat nammentlik sneon de hiele dei reind. Hie Jelle moai de gelegenheid om wat oan syn wurk te dwaan.
Juster myn jierdei fierd mei in dei nei Eger, it wurdt suver al tradysje. Lekker in gebakje iten, mei it treintsje nei de wynkelders west (mar se net fan binnen besjoen) en ijs hân. Fan Tjitske hie ik in orizjineel kado. In bon foar in spesjale behanneling fan De Witte Zwaan. Dit is har ‘schoonheidssalon’. Der stie by: voor het kleurrijke gezicht. No, ik kin jimme melde dat it kleurrijk wurden is. Neffens my wienen myn eagen fannemiddei hielendal swart.
Feije woe ek wol graach in gesichtsmasker. “Hat mem ek in piratemasker?” Dúdlik gefal fan miskommunikaasje.
We krije Feije ek mar net oan it ferstân dat Kisléta yn Hongarije leit. Doe’t we juster yn Eger wienen, sei er: “Hee, ik tink dat we noch steeds yn Kisléta binne, se sizze hjir ek jó napot kivánok.”
Undertusken brekt Ymkje har de holle oer de finansjele problemen hjir. Se snapt mar net dat by de earmoedichste hûskes in brommer stiet. Dêr kinne je dan neffens har mar better iten foar keapje. Ik kin har net hielendal ûngelyk jaan.
Yn it tehûs ite alle dagen twa mannen fan de appelfabryk tichtby. Ymkje hat dêr even goed oer neitocht. Sy tinkt dat de manlju dêr ite meie yn ruil foar appels.
Hjoed hienen we de Hiele dei wat motrein. Ricsi hat fannemoarn op besite west en Zsanett en Anniko fannemiddei. We koenen fannemoarn ek wat jild by de direktrise bringe. By dizze tige tank oan eltsenien dy’t dêroan bydroegen hat. Se wie der o sa wiis mei. We hearre noch fan har wat se derfoar keapje sille. We krigen ek te hearren dat de twa rollators dy’t fan ’t hjerst brocht binne yn gebrûk binne by it B paviljoen. Alles komt goed terjochte!
Se binne dan no ek begongen mei de útwreiding fan de skoalle op it terrein. Neffens de manlju sels is it yn oktober klear, de direktrise hâldt in slach om de earm en tinkt fan novimber. Meitsje der dan mar takom jier fan.
Fierder binne se yn it doarp dwaande mei in petysje foar de boargemaster. It skynt dat hy de direktrises fan de beide skoallen ûntslach jaan wol. Dat kin hjir samar. Se sille wol net by deselde politike partij hearre. Ik bin benijd oft de petysje helpt. De âlders binne der nammentlik poer op tsjin dat se samar ûntslein wurde.
Oare kear mear.

  • 01 Augustus 2011 - 18:46

    Fam.Wiedijk:

    Renske noch fan herte lokwinske mei dyn jierdei! We lêze wer mei hjer, it is altiid hiel aardich om sa jim belibbenissen te folgjen. Lyanne hat it noch net oan tiid hawn om Feije te missen,want wy bivakearre noch altiid op de buorkerij! We hoopje dizze wike wer werom te kearen nei Mantgum en ús neie buorfrau en buorfamke :) Groetjes Reindert Nynke en bern

  • 06 Augustus 2011 - 18:08

    Grutte Tryn:

    Hoi , ook hier even een berichtje. In Fryslân is het de hele week mooi weer geweest. Vanmorgen begon ook prima maar vanmiddag, we waren in St Anna om Tjalling zijn verjaardag te vieren, een dikke bui. Nu is het weer droog maar een beetje somber. Niet teveel gebak eten Rens want dat moet je er hier later in Nederland allemaal weer af trainen en dat kost weer geld. Ymkje zelfs dubbel geld, eerst geld voor het gebakje bij de bakker en dan later weer geld om alle kilo's kwijt te raken bij de sportschool in Mantgum. Jullie moesten ook de groeten fan Beppe, ze vroeg al heb je al even op de website gekeken en ik kan haar dus morgen vertellen dat ik dat nu gedaan heb . Ik ga nu op zoek naar een mooi boek of wie weet een leuk programma op tv groetjes en oant september. Tryn

Reageer op dit reisverslag

Je kunt nu ook Smileys gebruiken. Via de toolbar, toetsenbord of door eerst : te typen en dan een woord bijvoorbeeld :smiley

Verslag uit: Hongarije, Kisléta

Mijn eerste reis

Recente Reisverslagen:

24 Augustus 2017

Útstapkes

21 Augustus 2017

Alle doazen binne fuort.

15 Augustus 2017

Rûnbringen 2017

31 Augustus 2016

In 'ongenode gast'

21 Augustus 2016

Even byprate
Familie

In december reizen wij met het hele gezin naar Hongarije. De bedoeling is dat wij hier 8 maanden vrijwilligerswerk in een kindertehuis gaan doen.

Actief sinds 29 Sept. 2009
Verslag gelezen: 371
Totaal aantal bezoekers 212044

Voorgaande reizen:

28 December 2009 - 22 Augustus 2010

Mijn eerste reis

Landen bezocht: