Alles rûnbrocht - Reisverslag uit Kisléta, Hongarije van Familie Meer - WaarBenJij.nu Alles rûnbrocht - Reisverslag uit Kisléta, Hongarije van Familie Meer - WaarBenJij.nu

Alles rûnbrocht

Door: Renske

Blijf op de hoogte en volg Familie

26 Juli 2015 | Hongarije, Kisléta

De earste reis fan tongersdei gong nei in opfangtehûs foar âldere bern yn Nyírbátor. In part fan de bern hjir, is op dit moment yn Nederlân foar fakânsje. De oaren meitsje sa no en dan útstapkes of geane op kamp. Doe't wy wer op 'e nij laden hienen, binne we nei Nyíregyháza riden. It blijf van mijn lijf huis dêr't we altyd hinne geane, is ferhuze. Se sitte no yn in nij gebou. Wy hawwe in rûnlieding krigen, en it sjocht der prachtich út. Wol spitich dat de keamers ûnder noch net brûkt wurde kinne omdat it wetter hjir omheech komt. De klean binne hjir bot nedich. De froulju/famyljes dy't hjir wenje, komme faak mei neat oan. Se krije wol in soarte fan útkearing foar, mar ien fan de froulju krijt hielendal neat. Sy hat in bern krigen yn it bûtenlân, en it duorret hiel lang foardat de papieren regele binne. Oant dy tiid is se folslein ôfhinklik fan wat se krijt fan oaren. It binne tryste ferhalen!
Nei it middeisiten yn Kisléta noch in rit makke nei Tiborszálas. Hjir hienen se ús mail wol krigen, mar omdat dy yn it Dútsk wie, tochten se dat it spam wie. Oare kear mar yn it Hongaarsk besykje.
Rûn fjouweren wer thús. Bliid ta, want it is noch altyd waarm!
Freed mar ien rit op it programma. Nei it Reade Krús yn Nyíregyháza. Omdat we in hiel soad doazen foar harren hienen, beaen se oan om mei in buske te kommen. Om healwei njoggenen wie sawol de bus as de karre goed fol. Earst Julia ophelle en doe nei in opfanghûs foar froulju riden. In breiklup út Hurdegaryp hie in hiel soad truien, sjaals, mûtsen en sokken breide. Dy hawwe wy hjir brocht en de froulju en bern mochten spul útsykje. Dêr hawwe wy foto's fan makke, sadat de froulju thús sjen kinne dat it spul goed teplak kommen is. Ien fan de lytse famkes fûn it prachtich, sy hat in hiele modeshow holden. De oaren doarden noch net sa goed. It is hjir eins ek net sa beleefd om kadootsjes út te pakken dêr't dejinge dy't it jout by is.
Nei in rûnlieding nei it gebou fan it Reade Krús riden. Hjir stie iten foar ús klear. In hiel petear hân mei de direktrise. Sy hie krekt in gearkomste hân oer it flechtlingeprobleem. By ús is dat al in lestich fraachstik, mar hjir dus hielendal. Sy binne hjir net wend oan oare kultueren. Wy hearden fannewike dat der yn Debrecen rellen west hienen by it asylsikerssintrum dêr. Wy fûnen al dat der sa'n soad plysje op de dyk wie.
Om healwei fiven wienen we wer thús. In bytsje te lang wachte mei it klearmeitsjen fan it iten bûten. Wy wienen krekt healwei doe't der in bui kaam.
Sneontemoarn de karre werombrocht. Lekker dat it klear is. Fierder net in hiel soad dien, it wie net allinne waarm mar ek hiel benaud. Hjoed ek noch even útrêste want foar nije wike steane der ek al wer ôfspraken pland!

  • 26 Juli 2015 - 10:13

    Herman Lubberts:

    Hoi Jelle, Renske, Tjitske, Ymkje en Feije,

    Krekt jim reisferslagen efkes lêzen. Moai dat jim alles wer rûnbrocht ha. In hiel kerwei!
    Goed wurk hear! Ik ha d'r respekt foar dat jim dit dogge. Ús bydrage stelt dan net folle foar: in pear pûden mei klean.

    Fierders noch in goeie tiid dêr. Prebearje nei de ynspannings fan de ôfrûne wiken ek efkes te ûntspannen! Dat ha jim wol fertsjinne!

    It allerbeste,

    Hertlike groetnis fan Herman & Lysbeth út Denemarken

Reageer op dit reisverslag

Je kunt nu ook Smileys gebruiken. Via de toolbar, toetsenbord of door eerst : te typen en dan een woord bijvoorbeeld :smiley

Verslag uit: Hongarije, Kisléta

Mijn eerste reis

Recente Reisverslagen:

24 Augustus 2017

Útstapkes

21 Augustus 2017

Alle doazen binne fuort.

15 Augustus 2017

Rûnbringen 2017

31 Augustus 2016

In 'ongenode gast'

21 Augustus 2016

Even byprate
Familie

In december reizen wij met het hele gezin naar Hongarije. De bedoeling is dat wij hier 8 maanden vrijwilligerswerk in een kindertehuis gaan doen.

Actief sinds 29 Sept. 2009
Verslag gelezen: 345
Totaal aantal bezoekers 211671

Voorgaande reizen:

28 December 2009 - 22 Augustus 2010

Mijn eerste reis

Landen bezocht: