Tsjinsthûs moandei - Reisverslag uit Kisléta, Hongarije van Familie Meer - WaarBenJij.nu Tsjinsthûs moandei - Reisverslag uit Kisléta, Hongarije van Familie Meer - WaarBenJij.nu

Tsjinsthûs moandei

Door: Renske

Blijf op de hoogte en volg Familie

16 Juli 2013 | Hongarije, Kisléta

Om healwei achten stienen we klear om mei de sjauffeur nei Nyiregyháza. Hy hie in moaie grutte karre foar ús útsocht. It wie spitich dat it hjoed krekt min waar wie, we hawwe in protte reinwetter hân. Tusken de buien troch de karre ynladen en ôfsetten nei Matészalka. Dêr stiet in opfangtehûs foar wat âldere bern. Se hienen ús mail krigen mar net begrepen mar we waarden hertlik ûntfongen. Nei wat drinken koenen we troch nei Nábrád. We leinen foar op skema en dat wie mar goed ek want ienkear dêr waard de rezjy ús út hannen nommen.
Se hienen middeisiten foar ús klear, we moasten it hûs besjen en se hienen regele dat we wat famyljes besykje koenen. Yn it hûs yn Nábrád wurde oerdeis sa’n 25 gehandicapte bern opfongen. In protte fan dy bern komme út earme húshâldingen en krije fia dizze opfang klean. Se wienen dan ek o sa bliid mei ús klean. We hawwe dizze middei trije famyljes besocht en we hawwe sjoen dat se it ek echt nedich hawwe. Gesinnen mei trije bern wenje yn hiele lytse húskes (twa keamers en in keukentsje). Alles sjocht der âld en suterich út. Ik hoopje dat ús bern goed ûnthâlde wat se hjir sjoen hawwe want se hawwe faak net heal yn ‘e gaten hoe ryk en lokkich oft se binne.
Op de weromreis krigen we noch in ijsje fan de direktrise. Doe gau de doazen útpakt (it wie wer droech) en wer op nei Kisléta om op ‘en nij te laden. Fyftich doazen foar it Blijf van mijn lijf huis yn Nyiregyháza. Ek hjir wisten se net fan ús kommen mar fansels wienen se hiel bliid mei de doazen. En ik wie op slach fereale. Op lytse Tamara, in moai ljochtbrún popke fan 4 moanne âld. It personiel fertelde dat har mem har opjaan wol foar adopsje. Ik soe har sa meinimme wolle!
Tjitske hie ek al sjans, in jonge frege oft se al in freontsje hie. Dat we moatte noch mar ris werom. Al mei al wie it in lange dei. Aansen gau op bêd want moarn moatte we wer aardich wat kilometers meitsje.

  • 17 Juli 2013 - 07:27

    Grutte:

    Jongens wat in ynset, succes en onat sjen Tryn

Reageer op dit reisverslag

Je kunt nu ook Smileys gebruiken. Via de toolbar, toetsenbord of door eerst : te typen en dan een woord bijvoorbeeld :smiley

Verslag uit: Hongarije, Kisléta

Mijn eerste reis

Recente Reisverslagen:

24 Augustus 2017

Útstapkes

21 Augustus 2017

Alle doazen binne fuort.

15 Augustus 2017

Rûnbringen 2017

31 Augustus 2016

In 'ongenode gast'

21 Augustus 2016

Even byprate
Familie

In december reizen wij met het hele gezin naar Hongarije. De bedoeling is dat wij hier 8 maanden vrijwilligerswerk in een kindertehuis gaan doen.

Actief sinds 29 Sept. 2009
Verslag gelezen: 468
Totaal aantal bezoekers 212044

Voorgaande reizen:

28 December 2009 - 22 Augustus 2010

Mijn eerste reis

Landen bezocht: